Tiisdei 7 febrewaris 2012
Giet it oan?
“Mei Oostenbrug”
“Goeie Jan, moarn, mei Wiebe. Der bin we wer. Wêr binsto?”
“Moarn, Wiebe. Ik bin krekt yn Snits. Hoe giet it mei dy?”
“It giet net sa goed Jan. De druk nimt ta oer de Alvestêdentocht. Ik wurd hielendal gúk skille troch krantemannen en televyzje, somtiden grif fjirtig keer op in dei. En no mei dy snie…Skytmerakels!’.
“En oars ik wol, Wiebe, en oars ik wol.
“Lit de lju mar rabje. Wy hoopje op noch better waar”.
“Pyt en Gerrit sizze oer it waarberjocht dat de froast wol goed is, it is noch goed kâld. Mar der binne no ferskate waarkaarten, sizze Gerrit en Pyt. It is noch net te sizzen hoe’t it komt. Giet it oan? Giet it net oan? It kin alle kanten noch út”.
“Ja, ik kom krekt út Ljouwert en dêr is it iis mar seis sintimeter. Mar juster leine de marren by Sleat noch iepen. As it tsien graden friest dan groeit it iis mei twa sintimeter de nacht oan, Wiebe”.
“Moai sa Jan, hiel moai. Do makkest my bliid hjoed. Mar by Boalsert binne noch in protte wynwekken. It bûteniis is tusken de nul en fiif sintimeter dik. Dat is lang net dik genôch.”
“Ja mar it bliuwt nije wike noch friezen. En er komt lokkich net mear snie. Mar no is it benammen gefaarlik op plakken dêr’t wynwekken krekt tichtfêzen binne. Dan is it iis faak net iens ien sintimeter dik, wylst jo dat net sjen kinne”.
“Mar Jan, witsto, as ’t net kin sa ’t moat, dan moat it mar sa ’t it kin. Spitigernoch. Mar ik sil myn bêst dwaan mei dy krantemannen en televyzje”.
“As it net sile wol, moat men lavearje. Sa is ‘t en net oars, want as ’t oars wie, wie ’t net sa”.
“Moarn is alwer in nije dei, Jan. Oant moarn”.
“Oant moarn, Wiebe”.
© Pascale Bruinen
Deze deelnemers aan de carnavalsoptocht melden dat het “toch nog oan giet”, zij het dat het dan geen elfstedentocht wordt, maar de tocht dan voert door slechts één stad.
Wie vindt het, net als ik, doodzonde voor Nederland maar natuurlijk vooral voor de trotse Friezen zelf dat de Alvestedentocht is afgeblazen? Of ben je net blij dat het niet doorgaat? Je kunt het ons hier laten weten.
He Pascale, mijn Friese collega is superenthousiast en heeft nog wat kleine tips voor je.Ze wil hem ook voor je inspreken als je dat leuk vindt.
groetjes ANk
Hee Ank! Wat geweldig leuk van je collega om dit aan te bieden. Ik vind het super als ze de column voor me zou willen inspreken, heel graag zelfs!!! Ik hoor het wel, greetz, Pascale